Fryske Tsjinst
15-01-2015 10:46
It wie lang lyn, mar snein, 18-1, wie der wer ris preek op de Lytse Jouwer.
In hiele ferrassing, ek foar ús.
Noch gjin moanne nei de wer-iepening fan ús tsjerke frege fannewike it Fryske Oekumenysk Wurkferbân as se de jubileumtsjint '100 jier Frysk yn de tsjerke', by ús hâlde meie.
Eltse tredde snein fan de moanne hâldt it Frysk Wurkferbân de preek yn Hantumhúzen, mar no binne dêr de skilders en timmerlju foar langere tiid warber.
We binne tige op't ein dat we ús Jouster tsjerke sa ynsette kinne.
Foargonger fan dizze jubileumtsjinst wie drs Theun Simonides fan Burdaard, meiwurking wie der fan it koar de Lofstim (Ie) ûnder lieding fan Jaep Meems. It oargel wie bespile troch Erik Keekstra.
Zie ook: www.fryskow.nl